Leafde yn oarlochstiid

Willem Verf


fry | 20-03-2025 | 148 pagina's

9789493318571

Paperback / softback


€ 17,50

 Van Dinter boeken
   Werkdagen voor 18 uur besteld: volgende dag geleverd




Tekst achterflap

Oan de basis fan dizze novelle lizze de oantinkens fan de mem en de heit fan de skriuwer. Syn âlden krigen ferkearing yn Dútslân, yn ’e oarloch, wylst it Ruhrgebiet heftich bombardearre waard. By biten en brokken fertelden hja har soan letter út en troch oer wat sy yn dy tiid meimakken. Hoe komme minsken dy’t gjin helden binne, dy’t neat hawwe mei ideologyske fiersichten, troch sokke tiden fan fernieling, dea en ûntregeling? Yn de jierren dat Willem Verf opwoeks, woenen de minsken foaral de oarlochstiid achter har litte. De skriuwer hat fan de fragminten dy’t him as bern wol oerlevere waarden in meinimmend, oandwaanlik en realistysk ferhaal makke. Sa persoanlik as yn dit boek hat Willem Verf boppedat net earder west. De wize wêrop’t hjir nei dy oarloch sjoen wurdt, is oars as dat men wend is – in útdaging foar de lêzer. Want krekt it wjerfarren fan minsken dy’t gjin held, dieder of slachtoffer wienen, is fan grut belang om te begripen wat der doe geande wie.

Details

EAN :9789493318571
Auteur: 
Uitgever :Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K
Publicatie datum :  20-03-2025
Uitvoering :Paperback / softback
Taal/Talen : fry
Hoogte :212 mm
Breedte :147 mm
Dikte :16 mm
Gewicht :224 gr
Status :Werkdagen voor 18 uur besteld: volgende dag geleverd
Aantal pagina's :148
Keywords :  fries;frysk;oarloch;oorlog;roman